"Jachthavens moatte mear rekken hâlde mei âlde boatsjeminsken"

10 feb 2020 - 22:36

Jachthavens moatte mear rekken hâlde mei âlde minsken. Dat seit it Koninklijk Nederlands Watersport Verbond. Alde boatsjeminsken soene langer trochfarre moatte, mar dêr binne wol oanpassingen foar nedich.

Publyk op it Starteilân - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

It is al jierren dúdlik dat de wettersportsektor fergrizet. Jonge boatsjeminsken wurde hieltyd seldsumer. As de âlde boatsjeminsken ophâlde, wurdt it wol hiel stil op it wetter, seit Rienk Broers fan it wettersportferbûn.

Op de boatebeurs Boot Holland freget it ferbûn dizze wike oan it publyk wat derfoar nedich is om langer troch te farren. Minsken sizze dan bygelyks dat se foarsjenningen wolle wêrtroch't se net hoege te bûgen by it oanlizzen, in opstapke om makliker oan board te kommen, of foarsjenningen dy't der foar soargje dat de stegers net glêd mear binne.

Yn 2016 makke Omrop Fryslân al in dokumintêre oer de fergrizing yn de wettersportsektor.

Foar de minsken sels is it ek better as se langer trochfarre, seit Broers. "Mensen zijn vaak heel lang lid van een watersportvereniging. Als ze dan ophouden, valt ook een belangrijk deel van hun sociale context weg."

"Vrienden en bekenden raken dan op de achtergrond. Voor de vereniging is het leuk als ze erbij blijven, maar het is veel leuker voor de mensen zelf."

Rienk Broers fan it wettersportferbûn

(advertinsje)
(advertinsje)