Arno Brok ropt op om berneboeken efter te litten foar Kinderzwerfboek

10 feb 2020 - 20:56

"Hoe mear boeken út de boekekast binne, hoe better dat is foar it lêzen en foar de bern. Ik soe sizze: lit de berneboeken yn Fryslân swalkje." Dat sei kommissaris fan de Kening Arno Brok op in gearkomste foar de Provinsjale Berneboek Estafette mei bern fan IKC Het Palet.

Foto: Kinderzwerfboek

Neffens organisaasje Kinderzwerfboek ferlit noch altyd mear as 10 persint fan de bern de basisskoalle mei in taalefterstân. In oarsaak dêrfan is dat bern net genôch lêze. Yn hiel Nederlân wenje goed 250.000 bern ûnder de tolve jier dy't thús hast gjin lêsboeken hawwe. Kinderzwerfboek is opset troch it Nationaal Fonds Kinderhulp.

Lit ris in berneboek efter

Kommissaris Brok sei dat hy fynt dat alle bern leuke boeken lêze kinne moatte en dêrom ropt er eltsenien op om berneboeken yn de iepenbiere romte del te lizzen. Dat kin op in selskeazen plak, mar ek op ien fan de 96 saneamde 'Kinderzwerfboekstations.' Dy binne bygelyks by guon skoallen, doarpshuzen en boarterstunen. Bern kinne dêr in boek útkieze, mar ek efterlitte sa't in oar bern it wer lêze kin.

(advertinsje)
(advertinsje)