Learlingen skriuwe kaarten foar viral-Kanadeeske oarlochsfeteraan

10 feb 2020 - 20:34

Kr. Mavo de Saad yn Damwâld grypt de 100ste jierdei fan in Kanadeeske oarlochsfeteraan oan foar in skiednisles. Oarlochsfeteraan Fred Arsenault fan Kanada wurdt op 6 maart hûndert en seit op Facebook dat er graach hûndert aansichtkaarten krije wol op dy dei. Arsenault siet yn de oarloch by it rezjimint fan de Cape Breton Highlanders, dy't in skoft yn Boalsert ûnderbrocht wiene nei de slach om Delfzijl.

Foto: Chr. Mavo De Saad

Neffens Arsenault wiene de kaartsjes dy't hy yn de oarloch fan syn mem krige, tige wichtich foar him. De oprop fan Arsenault op Facebook gie 'viral' de wrâld oer. It kaam ek terjochte by de learlingen fan De Saad. Dy krigen it ferhaal fan Arsenault te hearren by de skiednislessen en sy hawwe ek kaarten foar him makke.

Foto: Fred Arsenault
(advertinsje)
(advertinsje)