Manlju fan Gytsjerk en De Houtigehage oppakt foar gas- en stroomstjitwapens

In 22-jierrige man fan Gytsjerk en in 24-jierrige man fan De Houtigehage binne moandei troch de rjochter feroardiele ta wurkstraffen. De manlju hiene kontakt mei-inoar oer it ombouwen fan gaspistoalen en it hanneljen yn stroomstjitwapens.
In pistoal © Pxfuel
Troch in tip wie de plysje by de 22-jierrige fertochte terjochte kaam, dy't doe noch yn Surhústerfean wenne. De plysje krige in gaspistoal, mar dat wie net it wapen dat yn de tip naam wie. Letter kaam de plysje nochris del, no foar in hússiking. Doe waard it wapen wol fûn, tegearre mei in hoemannichte xtc en speed.
Om't út de telefoan fan de man bliken die dat hy kontakt hie mei de Houtigehaagster oer it ombouwen fan gaspistoalen en hannel yn stroomstjitwapens. Dêrom is de plysje dêr ek op besite kaam, en yn De Houtigehage hat de plysje in gaspistoal en in stroomstjitwapen fûn.
De man fan Gytsjerk hat in wurkstraf fan 60 oeren en fjouwer wiken selstraf ûnder betingst krigen. De man fan De Houtigehage hat inkeld 60 oeren wurkstraf krige.