Nije direkteur foar Folkshegeskoalle Schylgeralân

Jacqueline Spendel (49) fan Mantgum wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Se folget op 1 augustus 2020 Amarins Geveke op, dy't nei seis jier by de Folkshegeskoalle wei giet.
© Folkshegeskoalle Schylgeralân
Folkshegeskoalle Schylgeralân organisearret kursussen fan meardere dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of kultureel karakter. De Folkshegeskoalle is opset as moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne en wurdt ek as akkommodaasjeplak brûkt. It is de iennige folkshegeskoalle dy't der noch is yn Nederlân.
Spendel hat fan 2006 ôf by Omrop Fryslân wurke en earder wie sy ek by ferskate publike omroppen wurksum.