Fûgelûndersyk yn Portugal: hoe stiet it tal skriezen der foar?

Ferskate fûgelûndersikers fan Rijksuniversiteit Groningen sitte dizze wiken yn Portugal om ûndersyk te dwaan nei de skriezen dêr. Dat is no ekstra nijsgjirrich, om't koartlyn bekend waard dat der plannen binne om yn dy omkriten ek in fleanfjild oan te lizzen. De Vogelbescherming makket him dêr ûnder oare drok oer.
Skriezen yn Portugal © Verónica Mendéz
"Wy binne juster oankaam, krekt foar de stoarm binne wy Nederlân út gien. It smoart hjir fan de skriezen, dus it begjint daalks te jokjen. Us doel is om in ynskatting fan de Nederlânske populaasje te meitsjen. Dat dogge wy mei tellingen en ek fan yn Nederlân ringe fûgels. Troch dy ferhâlding yn te skatten kinne je berekkenje hoe grut as dy populaasje is," leit ûndersiker Egbert van der Velde út, dy't no yn Portugal is.

'Eins de folsleine populaasje'

De fûgels krije ringen mei kleurkombinaasjes om de poaten hinne. "Eltse kombinaasje is unyk en sa is eltse skries werom te finen mei de ynformaasje oer it bist. De oantallen binne heech hjir. Wol brûkt de Yslânske skries, in ûndersoart, dit plak ek. Mar dy wurde ek ringe en ûndersocht. Mar wy sitte hjir mei goed 70- oant 80.000 skriezen. De Nederlânske populaasje is sa'n 25- oant 30.000 span, dus yn totaal sa'n 60.000 skriezen. Dus eins sit de folsleine populaasje hjir op dit stuit," seit Van der Velde.
"Dit jier is it hjir tige wiet, dat is goed foar de skriezen. Sy ploegje hjir de rysfjilden om, de âlde rys fan ôfrûne jier komt nei boppe en dat frette sy op. Fan de universiteit út sitte der de hiele moanne noch minsken. Dat binne trije ploegen fan twa, elts pakt sa'n 9-10 dagen. Sa besykje wy in byld te krijen fan de skriezen. Ek noch in lyts part komt fia Spanje nei Nederlân, en dêr sitte op dit stuit ek minsken," fertelt de ûndersiker.

Fleanfjild: 'Skande'

Dat it fleanfjild by Lissabon komt, fynt Van der Velde wol skande. "Mar foar de Nederlânske skriezen meitsje ik my net in soad soargen. Want it âlde fleanfjild fan Lissabon sit hast op deselde ôfstân as it plak dêr't it nije komme moat. Mar dat seit net dat it net skealik is foar fûgels. Want it plak is deun neist de Taag en deun neist ien fan de wichtige reservaten fan dizze regio. Dus it is wol kwealik dat it bart. Benammen de wize wêrop't it bard is, is net leuk. Want der is gjin foarûndersyk dien nei wat der mei sa'n fleanfjild fersteurd wurdt."
Undersiker Egbert van der Velde fan Portugal út