Rentree fan Sjinkie Knegt is 'Wedstriid fan de Wike'

De ûntknoping fan it shorttrackseizoen komt deroan. Earst noch de wrâldbekerfinale en dan yn maart is it wrâldkampioenskip. Mar, earst dus de wrâldbekerfinale yn eigen lân. Dordrecht is oankommend wykein it toaniel derfan en dat it bysûnder wurdt, is wis. Sjinkie Knegt makket nammentlik syn rentree. It is de 'Wedstriid fan de Wike'.
Knegt sil yn Dordrecht de 1000 en de 1500 meter ride en komt ek yn aksje op de relay. It is foar it earst sûnt mear as fjouwerhûndert dagen dat er wer in offisjele wedstriid rydt. "En hoe moai is dat, om dat yn eigen lân te dwaan foar in útferkocht hûs yn Dordrecht?", seit sportferslachjouwer Andor Faber. "Alle eagen sille kommend wykein op Sjinkie rjochte wêze."

Suzanne Schulting

Mar, dat is fansels net it iennige. Want Suzanne Schulting kin kommend wykein twa wrâldbekerklasseminten winne: op de 1000 en de 1500 meter stiet se boppe-oan. Ek op de relay sil Nederlân foar eigen publyk wat sjen litte wolle.
© Omrop Fryslân
Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.