Ljouwert, Snits en Drachten kinne mear AED's brûke, doarpen better dwaande

10 feb 2020 - 16:58

Neffens de Hartstichting hat yn Fryslân Ljouwert noch mear AED's nedich om in goeie dekking yn oarder te krijen. Der binne mear as 980 yn Fryslân en dêrfan is sa'n 68 persint dei en nacht beskikber. Yn de lytsere plakken yn de provinsje is oer it algemien in goeie dekking. Neffens de Hartstichting is benammen De Jouwer goed dwaande. Mar yn plakken as Snits, Drachten en Ljouwert binne noch wol wat AED's nedich.

AED - Foto: ANP

"Het gaat vaak goed in kleinere plaatsen. In Joure gaat het überhaupt heel goed. Dus er zijn best goede plekken, maar helaas ook plaatsen waar het minder goed is geregeld": Sneek, Drachten en stad Leeuwarden, de grotere plaatsen," seit Marianne Spoelstra fan de Hartstichting nochris. De Hartstichting wol der lanlik noch sa'n 5.000 AED's by komme om de dekking yn hiel Nederlân goed te hawwen.

Belutsenens

Neffens har is de belutsenens yn lytsere plakken de oarsaak dat dêr in bettere dekking is. "Je ziet vaak dat er betrokken bewoners zijn en stichtingen zijn opgezet. Het is een gezamenlijke inspanning en als ieder een steentje bijdraagt komt het voor elkaar. Toch moet ik zeggen dat er in de laatste maanden wel meerdere 24 uur per dag beschikbare AED's bij zijn gekomen in Leeuwarden."

Wat is no in goeie dekking? "De grootste kans op overleven is als je binnen 6 minuten kan starten met reanimeren met een AED. Dus als je ervoor zorgt dat er binnen 500 meter een AED aanwezig is, dan is er een grotere overlevingskans. Maar als dat er niet is, is de kans aanwezig dat hulp niet op tijd komt."

Marianne Spoelstra fan de Hartstichting

Wolle jo sjen wêr't by jo yn de buert in AED is? Sjoch dan op dizze kaart fan it Rode Kruis.

Trefwurden: 
Fryslân AED Hartstichting
(advertinsje)
(advertinsje)