Sportcast: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede"

10 feb 2020 - 16:40

Sportklup Hearrenfean knokte foar de trije punten, mar pakte der mar ien. SC Cambuur die itselde en pakte de trije punten krekt wol. Mar it wie wol spannend, foaral by Cambuur yn de lêste minuten, doe't MVV noch hast de lykmakker makke. En dus makke ferslachjouwer Geert van Tuinen de opmerking: "Koest Henk de Jong in aai yn de kont siede." We prate dizze wike mei ferslachjouwers Roelof de Vries, Geert van Tuinen en Arjen de Boer oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Dit alles ûnder lieding fan Jantine Weidenaar.

De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.

Hearrenfean hie it swier sneontejûn yn de wedstriid tsjin VVV Venlo. Joey Veerman spruts skande fan de wize wêrop't VVV de bus parkearre. Arjen de Boer: "Mar VVV hie grut gelyk. Sy spylje tsjin degradaasje. Se komme foar in punt. Luc Nilis (assistint-trainer VVV, red.) siet neist my en sei: één countertje hebben we nodig. En hopsa, se skoarden ek noch."

VVV kaam út in penalty op 1-0 en Hearrenfean hie it dreech om dochs noch de lykmakker te meitsjen. "Hearrenfean mist kreativiteit", sa seit Roelof de Vries. "Je moatte der ek wat gelok by ha, mar se kamen der net trochhinne. Se hiene in Halilovic nedich. Mar hoe min is dy, dat se dy net ynbringe?"

Senuweftich

Cambuur wûn mei 2-1 fan MVV. Lang like it derop dat it in ienfâldige jûn wurde soe, mar nei de 2-1 waard it noch wol efkes spannend. Van Tuinen: "Henk sei wol dat hy him gjin soargen makke, mar koest wol oan him sjen dat hy senuweftich wie. It wie sa slim, koest in aai yn syn kont siede."

De Ljouwerter klup wûn lykwols wer en bliuwt dêrmei earste. Moandeitejûn spylje de konkurrinten Jong Ajax, FC Volendam en De Graafschap. "Mar ik kin dêr altyd min oer. Ik sit dan net lekker op de bank", sa seit Van Tuinen. "Je hoopje dan dat se punten lizze litte, mar ik sjoch dêr net graach nei."

Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.

(advertinsje)
(advertinsje)