Fries Museum siket freonen

14 nov 2011 - 11:08

It Fries Museum begjint moandei mei in kampanje om freonen foar it museum te krijen. Akteurs Rinse Westra en Peter Tuinman freegje boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert om lid te wurden.

In freon fan it Fries Museum moat op syn minst 60 euro yn it jier betelje. Dêrfan wol it Fries Museum bygelyks nije skilderijen en oare keunstfoarwerpen keapje. Oare Nederlanske musea hawwe al langer de mooglikheid om lid te wurden. Op grûn dêrfan ferwachtet it museum tusken de 1000 en 1500 leden te krijen. Sy krije koarting by eksposysjes en aksjes fan it museum.

Trefwurden: 
Fries Museum freon
(advertinsje)