Drugspân sletten yn Bûtenpost, 47-jierrige fertochte fêst

10 feb 2020 - 15:16

In drugspân oan de Tsjerkestrjitte yn Bûtenpost is moandei troch de boargemaster fan Achtkarspelen sletten. Fan de wente út waarden harddrugs ferhannele. Op 17 jannewaris hat de plysje de wente al trochsocht, doe is der in soad amfetamine fûn. Op dy dei is der ek in 47-jierrige fertochte oanholden, dizze persoan sit op dit stuit noch fêst.

Drugspân - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De wente is foar in perioade fan fjouwer moanne sletten. Dat koe boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen dwaan om't yn 2018 it drugsbelied yn noardeast-Fryslân oanpast is. It is mei it belied mooglik wurden om wenten te sluten as der drugs ferhannele wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)