Dak knine-opfang De Blesse stoart yn troch hurde wyn

10 feb 2020 - 17:46

It dak fan in skuorre yn De Blesse is moandeitemoarn ynstoart. Yn de skuorre sit knine-opfang Konijnenparadijs mei sa'n santich kninen. It dak hie de stoarm fan snein oerlibbe, mar moast moandei troch de hurde wyn dochs belies jaan.

De kninen binne der goed foarwei kaam, se hawwe it allegearre oerlibbe. De skea is lykwols grut en omdat it dak fuort is, kinne de bistjes net mear drûch stean. "Er is veel materiële schade, kooien zijn aan gort. Eén konijn is heel erg gestrest, die is helemaal aan de diarree geraakt. De rest lijkt het allemaal tot nog toe goed te maken", fertelt eigeneresse Aniek Overwijk.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

In boubedriuw is moandei dwaande om de skuorre te fersterkjen, sadat Overwijk der wer yn kin.

'Geluk gehad'

"Ik stond binnen en dacht dat de ergste storm al was geweest. Ik zou naar buiten gaan, maar ik moest mijn huissleutels nog even zoeken. Dat was een geluk, want vlak daarna vlogen de dakpannen om het huis heen. Ik heb mijn man gebeld, want de zijkant van de schuur zakte in. Pas daarna zag ik wat de echte omvang was," seit Anniek Overwijk fan de knine-opfang.

It âlde part fan de skuorre waard benammen als opslach brûkt. "Er zat ook nog en uilennest in de kop, dat was ook erg sneu. Want je zag de uil rondvliegen en denken: waar is mijn nest gebleven. Gelukkig zitten de konijnen er niet meer, die zitten nu in het vernieuwde gedeelte," seit Overwijk. Sy wit net wat de skea wêze sil, en hoe't it mei de fersekering komt is ek noch net wis. Op sosjale media binne der lykwols in soad minsken dy't stypje wolle.

Ferslachjouwer René Koster yn De Blesse

Overwijk hat goed 60 kninen. "We zitten hier nu bijna vijf jaar, en daarvoor ook zo'n vijf jaar in Steenwijkerwold. We hadden thuis konijnen die jongen kregen. Ik vond het leuk om daar meer mee te doen ik kwam bij een konijnenopvang in Ermelo uit. Toen kwam ik erachter hoe noodzakelijk zo'n opvang is. Vaak worden ze gedumpt of afgestaan," seit sy.

Aniek Overwijk fan de knine-opfang

(advertinsje)
(advertinsje)