Doeksen en Wagenborg skrasse op 'e nij in soad feartsjinsten

10 feb 2020 - 14:31

Fanwege de twadde stoarm skrasse rederijen Doeksen en Wagenborg tiisdei op 'e nij in soad tsjinsten fan en nei de eilannen. Wolsto mei de boat? Tsjek dan earst oft er wol fart.

De Midsland - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

Op harren websiden kundigje beide rederijen de wizigings oan. By Wagenborg komme de folgjende ôffearten te ferfallen.

It Amelân

* 09.30 oere Holwert - It Amelân
* 10.30 oer It Amelân - Holwert
* 11.30 oere Holwert - It Amelân

Sneltsjinst
* 09.30 oere It Amelân - Holwert
* 10.30 oere Holwert - It Amelân
* 12.30 oer It Amelân - Holwert
* 13.00 oere Holwert - It Amelân

Skiermûntseach

* 09.30 oere Lauwerseach - Skiermûntseach
* 10.30 oere Skiermûntseach - Lauwerseach

De sneltsjinst tusken Skiermûntseach en Lauwerseach fart wol. De wettertaksys fan en nei It Amelân en Skiermûntseach farre net.

Ek Doeksen skrast in soad tsjinsten tiisdei. It giet om de folgjende ôffearten:

Flylân

* 06.55 oere Flylân - Harns
* 09.00 Harns - Flylân

Skylge

* 17.30 oere Skylge - Harns
* 19.55 oere Harns - Skylge

Besjoch hjir de aktuele ynformaasje

Op de webside fan Doeksen en Wagenborg fynst de aktuele ynformaasje oer de ôffearten.

(advertinsje)
(advertinsje)