Is Fryslân al klear foar de twadde stoarm dy't der oankomt?

10 feb 2020 - 17:45

Bisto al klear foar de twadde stoarm? Nei't stoarm Ciara snein foar de nedige skea soarge, makket Fryslân him op foar de twadde stoarm moandeitejûn en -nacht. "It is stilte foar de stoarm", seit Piet Paulusma.

Sjoch hjirûnder nei de neisleep fan Ciara en in foarútsjoch nei de kommende stoarm:

Wy binne noch mar amper bekaam fan de stoarm Ciara oft har opfolger stiet al wer klear. Yn de nacht fan moandei op tiisdei is it op 'e nij raak yn Fryslân. Waarman Piet Paulusma warskôget foar in stoarm dy't likefolle skea oanrjochtsje kin as Ciara. "Dizze nije stoarm sil benammen yn it kust- en Waadgebiet foar skea soargje."

De nije stoarm kundiget him yn 'e rin fan moandeitemiddei oan. Piet: "It begjint mei pittige buien, kâns op hagel en wynstjitten. Ek moandeitejûn pittige buien en yn de nacht wynstjitten fan krêft 11 en miskien wol 12. Tiisdeitemoarn en -middei bliuwt it ek noch stoarmeftich.

Lykas Ciara sil ek dizze twadde stoarm flink húshâlde yn Fryslân, ferwachtet Piet. "Omdat de wynrjochting súdwest is, ferwachtsje ik noch wol de nedige swierrichheden."

Ruben koe him noch mar krekt fêsthâlde - Foto: Tineke Tabak

Piet Paulusma oer de twadde stoarm

Trefwurden: 
stoarm Ciara
(advertinsje)
(advertinsje)