Tsjerkeklok yn Sint-Nyk stiet stil; maleur yn motorke

10 feb 2020 - 13:55

De tsjerkeklok fan PKN-gemeente 'Op 'e Noed' yn Sint-Nyk lit it sûnt freed ôfwitte. It motorke is yn sa'n minne steat dat it net mear ferantwurde is de klok noch yntinsyf te lieden. It klokkelûd is no net mear te hearren by tsjerketsjinsten en begraffenissen.

Foto: Wikipedia

De klok jout noch wol de tiid oan. Ek is der op elk hiel oere noch in sinjaal te hearren. Dan tikket der in hammer tsjin de belle. De klok en wizerplaat fan de tsjerke wurde ynkoarten restaurearre. It restauraasjewurk set yn maart of april útein.

Trefwurden: 
Sint-Nyk tsjerkeklok
(advertinsje)
(advertinsje)