Stekynsidint by AZC yn Burgum: fertochte oanhâlden

10 feb 2020 - 11:38

De plysje hat moandeitemoarn in fertochte oanhâlden by it asylsikerssintrum yn Burgum. De fertochte soe belutsen wêze by in stekynsidint. Dêrby rekke ien persoan licht ferwûne.

Foto: De Vries Media

De rûzje begong tusken twa groepen. Dêrby luts de fertochte in mes. De ambulânse koe it slachtoffer op it plak fan it ynsidint behannelje. De plysje docht noch fierder ûndersyk nei de tadracht.

Trefwurden: 
AZC Burgum stekynsidint
(advertinsje)
(advertinsje)