Tûmba krijt tsientallen meldingen fan Sinezen oer corona-karnavalsliet

Anty-diskriminaasjeburo Tûmba yn Ljouwert hat de ôfrûne dagen tsientallen meldingen krigen oer in karnavalsliet fan Radio 10 dat de gek hat mei it coronafirus. Yn it liet wurdt suggerearre dat minsken fan Sineeske komôf yn Nederlân hjir it firus oerbringe en datst mar better by harren út de buert bliuwe kinst.
Meiwurkers fan Tûmba monitoare dirskriminaasje © Omrop Fryslân
It liet hat de titel 'Voorkomen is beter dan Chinezen' en der wurdt bygelyks songen oer 'stinksinezen'. Guon minsken dy't har beklach dogge by Tûmba, sizze dat se oanjefte dwaan wolle. Se wolle ek dat it Iepenbier Ministearje der wurk fan makket.
Neffens Mirka Antolovic fan Tûmba ha se yn Ljouwert oant no ta sa'n 60 meldingen binnen krigen, lanlik leit dat om de 1000 hinne. It is mar ien kear earder foarkaam dat der yn koarte tiid sa'n soad meldingen binnenkamen by it diskriminaasjemeldpunt en dat wie mei de 'minder Marokkanen'-útspraak fan Geert Wilders.

Underskat probleem

Diskriminaasje fan Aziatyske minsken komt folle mear en al folle langer foar as tocht wurdt, seit Antolovic. "Aziaten zijn over het algemeen geen klagend volk, ze klagen niet gauw. Maar we krijgen de laatste jaren wel steeds meer signalen of meldingen dat ze het wel genoeg vinden. Omdat ze niet klagen, is het niet inzichtelijk, maar het gebeurt wel. Het is een onderschat probleem, juist omdat het niet zichtbaar is in de cijfers."

Online petysje

Net allinne yn Fryslân soarget it liet foar opskuor, lanlik ha al hûnderten minsken in melding dien by anty-diskriminaasjeburo's. Der is yntusken ek in online petysje opset, dêr't de polityk yn frege wurdt om yn aksje te kommen tsjin de byldfoarming as soene minsken fan Sineeske komôf it firus hjir ferspriede. De petysje is yn twa dagen tiid mear as 25.000 kear ûndertekene.

Ekskuzen fan Radio 10

It nûmer waard freed draaid yn de útstjoering 'Laat met Lex' op Radio 10. De stjoerder hat yntusken syn ekskuzen oanbean foar de mispleatste grap.