Basisskoalbern entûsjast oer útwikseling mei OSG Singelland

Noch foar de simmerfakânsje les krije fan in dosint fan it fuortset ûnderwiis: basisskoalbern fan OBS Partoer yn Burgum koene de proef alfêst op 'e som nimme. Sy krije de kommende dagen les op de lokaasje fan OSG Singelland yn Burgum. En dat befalt se prima. "Dit is echt heel gaaf!"
Bern basisskoalle krije les op Singelland
Ferslachjouwer Johanna Brinkman sjocht by de gymles
Doel fan it bysûndere útwikselingsprojekt is om de leararen yn it basisûnderwiis te ûntlêsten. It idee komt fan Karel Beke, direkteur fan OBS Partoer yn Burgum. "We zochten naar een oplossing om goed advies te geven. Met die vraag hebben we aangeklopt bij Singelland. Daaruit kwam dit plan. Het is echt een experiment, dat we over een paar weken samen gaan evalueren. Daarbij staan twee vragen centraal: heeft het geleid tot betere adviezen en werkdrukverlaging?"
Edith van 't Wout, direkteur fan OSG Singelland, is no al entûsjast oer it projekt en sjocht in twadde edysje wol sitten. "Het zou prachtig zijn wanneer we dit voort kunnen zetten, maar eerst de evaluatie afwachten."
Dit is net it iennige projekt dat OBS Partoer opset om learlingen in goed skoaladvys te jaan. Beke: "We zijn ook nog met andere middelbare scholen in gesprek om dit soort projecten op te zetten."
© Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Edith van 't Wout en Karel Beke
As dosint yn it fuortset ûnderwiis lesjaan oan basisskoallebern: it is efkes in útdaging. Dochs sei gymlearaar Hendrik van der Laan fuortendaliks 'ja' doe't er frege waard om mei te dwaan oan dit bysûndere útwikselingsprojekt. "Dit is in hiel momint foar de learlingen om alfêst op it fuortset ûnderwiis te sjen. En as dosinten om dyn passy foar ús fak oer te dragen op nije learlingen. Dus fansels sei ik 'ja'."
De fraach is fansels oft dit projekt de wurkdruk by it OSG Singelland net ekstra ferheget. Van der Laan: "Fansels is der sprake fan in hege wurkdruk, mar gelokkich krije wy de romte om dit projekt te dwaan. Ik sko yn myn planning en dat betsjut oeroeren, mar dat heart der by."
Bern krije ferskate lessen, lykas gym, Ingelsk, Dútsk, Mens & Maatschappij. Sa kinne se alfêst yn 'e kunde komme mei it fuortset ûnderwiis. Van der Laan: "Doel is om de spanning fuort te nimmen foar de oerstap nei it fuortset ûnderwiis. Wat is der no moaier datst foar de simmerfakânsje al it gefoel hast, datst hjir op dyn plak sitst?"
Gymlearaar Hendrik van der Laan