Sjinkie Knegt makket takom wike syn rentree yn it shorttrack

10 feb 2020 - 10:35

Sjinkie Knegt makket folgjende wike syn rentree by de wrâldbekerfinale yn Dordrecht. De shorttracker keart nei trettjin moannen werom by in offisjele wedstriid.

Knegt krijt foar Dordrecht in wildcard, wêrtroch't er fuortendaliks talitten wurdt yn it haadtoernoai en de kwalifikaasjewedstriden op de yndividuele ôfstannen fan freed oerslaan kin. Dat betsjut dat Knegt sneon foar in útferkochte hal syn rentree meitsje kin. Mooglik stiet hy freed al op it iis by de kwartfinale fan de ôflossing, mar dat makket bûnscoach Jeroen Otter deselde dei pas bekend.

Swier ferwûne

Knegt rekke ferline jier swier ferwûne troch in ûngelok mei it oanstekken fan in houtkachel. Hy rûn dêrby brânwûnen op, wêrtroch't sels tocht waard oan de ein fan syn karriêre. "Mar ik ha altyd goeie hoop holden op in goed werstel. It hat in lang proses west, mar ik bin hiel bliid dat ik no wer mei."

Knegt sil yn Dordrecht oan fjouwer ûnderdielen meidwaan. Twa yndividuele ôfstannen: de 1.000 en 1.500 meter, en de teamûnderdielen de 'mixed relay' en de 'manljusrelay'.

Knegt hat alle betrouwen yn syn rentree. "Ik tink dat ik wat snelheid oanbelanget al aardich meikomme kin. Kwa kondysje bin ik der noch net hielendal. Dus ik bin wol benijd oft ik wat meikomme kin."

Foto: Martin de Jong

Roelof de Vries oer de rentree fan Sjinkie Knegt

Ek Sven Roes is wer oproppen foar de wrâldbeker. Hy wûn ferline wike yn Dresden by syn debút fuort in sulveren medalje.

Seleksje

Yntusken is de seleksje foar wrâldbekerfinale ek bekend. Hjirûnder de shorttrackers dy't yn aksje komme.

Froulju
Suzanne Schulting, Lara van Ruijven, Yara van Kerkhof, Rianne de Vries, Xandra Velzeboer en Georgie Dalrymple.

Manlju
Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma, Dylan Hoogerwerf, Friso Emons, Sven Roes en Sjinkie Knegt.

(advertinsje)
(advertinsje)