Brân yn Ljouwerter pizzeria mooglik oanstutsen

De brânwacht fan Ljouwert moast moandeitemoarn betiid yn aksje komme fanwegen in brân yn pizzeria Rigoletto oan de Nieuwe Oosterstraat. De brânwacht tinkt dat de brân mooglik oanstutsen is.
© AS Media
Troch de flammen gie de brânmelder yn it gebou ôf. De brânwacht moast de foardoar ynskoppe om binnen te kommen. De plysje ûndersiket de tadracht fan de brân.