UPDATE: Farferkear fan en nei It Amelân set mei fertraging wer útein

De feardaam by Holwert is wer iepen en it farferkear fan en nei It Amelân is mei fertraging wer úteinset.
© Anton Kappers
Troch it hege wetter koenen minsken moandeitemoarn net mear op de pier komme. De pier by Holwert wie folslein ûnderstrûpt. Passazjiers fan de boat fan njoggen oere koene noch krekt fan de feardaam komme, mar dêrnei slagget dat net mear.