Borna Simic út Ljouwert skitteret op Prinses Christina Concours

10 feb 2020 - 08:59

In echte Beethoven wurde; dat is de dream fan de 13-jierrige Borna Simic út Ljouwert. En dy kaam dit wykein in bytsje út. Borna mocht foar it earst mei dwaan oan it Prinses Christina Concours yn Grins; in klassike muzykwedstriid foar bern. Hy helle de finale net, mar wie dochs hiel tefreden.

Twa jier ferlyn begûn Borna mei piano- en oargelspyljen, mar is klear foar in grut konkoers. Borna spile ôfrûne sneon yn it Prins Claus Conservatorium yn Grins it stik 'Toccata' en 'Fuga BWV 914 in E' fan Bach. Nei de tiid wie er tige tefreden: "Ik vond dat ik het stuk op mijn eigen manier heb gespeeld, dus ik vond het heel goed gaan. Dat was echt heel fijn. Er waren natuurlijk dingen die beter konden, maar ik ben tevreden. Het gaat mij er echt om dat mensen zien dat ik er plezier in heb. Dat vind ik belangrijk."

De finale fan it konkoers hat er net helle, mar hy hat wol in spesjale priis wûn. Fan de boargemaster fan Grins krige hy in Eervolle Vermelding, om't syn talint sa opfallend is. Borna bliuwt yn alle gefallen trochgean mei piano- en oargelspyljen.

Foto: Omrop Fryslân

Borna Simic wie tefreden oer syn optreden

(advertinsje)
(advertinsje)