Kollum: "Sibbeltsje slop yn it krús"

10 feb 2020 - 08:38

"Ik jou it mar earlik ta: ik bin wat in weak aai. Ik wit net wat it is, mar ik kin echt neat mear ha. Ik ha spierpine nei't ik behang plakt ha. It sjit my yn 'e rêch as ik de boadskiptas út de auto til. En ik ha in kater nei ien bierke. En dan te betinken dat ik mei myn 33 jier noch in hiel ein moat.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wy wurde mei ús allen nammentlik hieltyd âlder. De gemiddelde leeftiid foar in man is hjoed-de-dei 80 jier en foar in frou mar leafst 83. Dat betsjut dat wy hieltyd langer aktyf bliuwe. Ferline wike wie ik by it Skûtsjemuseum yn Earnewâld, dat ferboud wurdt troch ferskate frijwilligers. Ien fan harren wie 90 jier, mar fleach dêr noch om as in ljip yn de maitiid. Want dat is it goeie nijs: wy wurde net allinnich âlder, wy bliuwe ek hieltyd langer fit.

En dêr giet it by my wat mis. Ik wurd yn fersneld tempo âld, ha ik it gefoel. Dat begong mei myn briltsje, dy't ik tsjintwurdich net mear misse kin. Ik kin de ûndertiteling net mear lêze en reitsje de bal kwyt by de fuotbalwedstriden fan Studio Sport. De telefyzje moat trouwens ek hieltyd lûder, omdat ik it oars net mear ferstean kin.

Mar dat is net it iennige. Woansdeitejûn hiene wy hearlik it houtkacheltsje oan en in spesjaal bierke der by. Tongersdeitemoarn waard ik wekker mei pine yn 'e holle. Fan ien - jawol ien! - bierke. Wylst ik tsien jier lyn noch oant midden yn 'e nacht oan de bar hingje koe en de folgjende dei nearne lêst fan hie.

En dan myn spieren. No't wy oan it ferbouwen binne, ha ik hast alle dagen spierpine. Efkes de gipsplaten tsjin it plafond skroeve en ik kin de dei dêrnei amper noch de trui oan krije. In jûntsje behang plakke en ik moat de folgjende dei hast thússoarch ha om fan bêd te kommen. Lit stean as ik kliklaminaat lizze moat. Dan moat de tillift der oan te pas komme.

Ik bin in suertsje by de boadskippen. Boadskippen dy't ik sels mei muoite út de auto til. It sjit my al yn 'e rêch as ik allinnich mar nei dy swiere tas sjoch. Myn rêch krimmenearret al as ik in pakje bûter út 'e kuolkast helje. Ik ha my wier ris fertild oan in handoek dy't ik oan it hekje hingje soe yn de badkeamer.

Bist in 'Sibbeltsje Slop yn it krús', sei ús mei eartiids altyd al. En se hat noch gelyk krigen ek. Want dat is noch wol it minste fan alles. Ik moat der 's nachts ek altyd út te pisjen. Dat is der sa stadichoan wat ynslûpt. It begong earst mei moarns betiid. Mar tsjintwurdich wurd ik midden yn 'e nacht wekker mei in folle blaas, dy't raast dat ik der fuort út moat.

As in wiere beppe drink ik no jûns ien bakje tee, sadat ik wat minder faak te pisjen hoech. En dat iene bierke, mar dat kin eins ek net mear. It is suver sneu om te konkludearjen, mar ik leau dat ik tenei mar in sinesappelsapke of Wicky groeifruit drinke moat. Gelokkich is der hoop. No freed wurd ik 34, dus noch mar 49 jier oan ôftakeling te gean."

(advertinsje)
(advertinsje)