Piter Jelles !mpulse ticht fanwege stoarmskea

Bern fan de skoallokaasje Piter Jelles !mpuls oan de Douwe Kalmaleane yn Ljouwert koene moandeitemoarn útsliepe. De skoalle wie fanwegen stoarmskea ticht. Dêrom foelen alle lessen tusken 08.30 en 10.00 oere út.
© Anton Kappers
Fan 10.20 oere waarden de lessen wer jûn. Neffens direkteur Binne Jansma hie de sluting fan de skoalle net nedich west. "De basisskoalle hjir njonken is gewoan iepen. Dus it is in stoarm yn in glês wetter."
Ferslachjouwer Hayo Bootsma seach by it Piter Jelles yn Ljouwert