Kipnuggets? Bern yn Hurdegaryp ite leaver pankoeken mei reade byt

10 feb 2020 - 07:55

Pankoeken fan spelt mei reade byt en fruit. Dat is nochris wat oars as patat mei kipnuggets. Learlingen út de groepen 7 en 8 fan de beide basisskoallen yn Hurdegaryp mochten sels in sûn bernemenu betinke foar it pleatslike Van der Valkhotel. En as se yn de smaak falle, komme de kreaasjes miskien ek noch écht op 'e kaart.

Foto: ANP Foto

Albert Paauw is direkteur fan de iepenbiere skoalle yn Hurdegaryp. Hy stie fersteld fan de sûne kreaasjes dy't de bern betochten. "Een lasagnemuffin bijvoorbeeld", laket er. "Dat gerecht was nog een behoorlijke uitdaging voor de kok van Van der Valk."

It plan foar it meitsjen fan sûne bernemenu's kaam by de hotelketen wei. Paauw: "Samen met Van der Valk zijn we gaan kijken naar gezonde menu's. Dit is een heel mooi lokaal initiatief binnen Hurdegaryp. En we zijn als school druk bezig om een gezonde school te worden. Dan is dit een mooie stimulans."

De fjouwer meast opfallende gerjochten binne foarige wike al makke op skoalle. Dizze gerjochten wurde moandei foar it earst echt makke by Van der Valk yn de keuken. De winner komt op de kaart te stean by Van der Valk.

Albert Paauw is direkteur fan de iepenbiere basisskoalle

(advertinsje)
(advertinsje)