Wetterskip Fryslân: "We houden de situatie ook nu nog goed in de gaten"

10 feb 2020 - 07:16

Wetterskip Fryslân sjocht mei in tefreden gefoel werom op de stoarm Ciara. It wetterskip hie fan tefoaren ferskate foarsoarchsmaatregels naam. Sa waarden sluzen sletten en waard de wetterstân ferlege om ekstra wetter op te fangen. En mei sukses, want it wetterskip hie de situaasje goed ûnder kontrôle. Dat seit Peter Lieverdink fan Wetterskip Fryslân.

Foto: Daniël Hartog

Om't de stoarm fan tefoaren al bekend wie, koe Wetterskip Fryslân har goed tariede. Lieverdink: "Daardoor konden we de situatie goed in de gaten houden." Ek moandei noch hâldt Wetterskip Fryslân de boel goed yn de gaten. "We verwachten nog een waterstand van 2,90 meter bij Harlingen."

Stoarmskea oan twa gemalen hold Wetterskip Fryslân snein ek noch dwaande. "Ook onze andere objecten monitoren we om schade te herstellen." Minsken dy't skea oan gemalen ûntdekke, kinne dat by Wetterskip Fryslân melde troch te beljen mei 058 292 22 22.

Peter Lieverdink fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)