Gjin Oscar foar Arjen Tuiten fan De Jouwer

10 feb 2020 - 06:56

Arjen Tuiten fan De Jouwer is der net yn slagge in Oscar te winnen yn Hollywood. Tuiten wie nominearre foar de wrâldpriis yn de kategory 'make-up en hairstyling' yn de film Malificent 2.

Foto: ANP Foto

De Oscar gie lykwols nei de film Bombshell. It wie al foar de twadde kear dat it byldsje oan Tuitens noas foarby gong. Yn 2017 wie er ek alris nominearre, foar syn wurk oan de film Wonder, mar sûnder sukses.

Tuiten wennet al jierren yn Hollywood en wurket dêr as grimeur oan grutte films.

(advertinsje)
(advertinsje)