Bestjoerder komt om by autoûngelok yn Aldeberkeap

10 feb 2020 - 06:39

By in ûngelok op de Boppewei by Aldeberkeap is moandeitemoarn betiid de bestjoerder fan in bestelauto ferstoarn. It slachtoffer botste mei de auto op in frachtwein en bedarre yn de tún fan in hûs lâns de dyk.

Beide auto's rekken swier skansearre. De frachtweinsjauffeur kaam mei de skrik frij. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok. De N351 is fanwegen it ûndersyk nei it ûngelok ôfsletten tusken Aldeberkeap en Nijeberkeap.

Foto: ProNews Producties
Trefwurden: 
Aldeberkeap autoûngelok
(advertinsje)
(advertinsje)