Brânwacht Fryslân kriget sa'n 65 meldingen fan stoarmskea

10 feb 2020 - 06:29

By de Brânwacht Fryslân binne snein sa'n 65 meldingen fan stoarmskea binnenkaam. Dat seit wurdfierder Rutger de Groot. Al mei al koe de brânwacht de stoarmmeldingen goed oan.

Foto: Timo Jepkema, Omrop Fryslân

De meldings rûnen útien fan omfallen beammen oant buorden dy't omwaaid wiene. Ek foar stikken waaide parten fan it dak kaam de brânwacht yn Fryslân meardere kearen yn aksje.

Yn totaal binne der 65 brânwachtkorpsen yn Fryslân, dy't de meldings mei syn allen oanpakt hawwe. "Daardoor kunnen we zo'n storm wel hebben", lit De Groot witte.

De measte meldings kamen binnen tusken 16.00 en 18.00 oere. Nei 23.00 oere wie it rêstich.

Rutger de Groot fan Brânwacht Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)