Beide Fryske proeftunen foar ierdgasfrije wiken rinne flinke fertraging op

10 feb 2020 - 06:00

Noch gjin fergunning, net genôch draachflak en te min jild. De projektlieders fan Duinwijck Gasvrij en Aardgasvrij Garijp rinne tsjin ferskate saken oan wêrtroch't it noch langer duorje sil foar't beide plakken folslein fan it gas ôf binne. Nei skatting duorret it twa kear sa lang as earder tocht waard.

Omrop Fryslân sjocht mei alle regionale omroppen en de NOS nei wat de stân fan saken is fan de 27 ierdgasfrije wiken dy't in ryksbydrage krigen hawwe yn 2018. Dizze 'proeftuinen' hawwe 120 miljoen euro krigen om de wiken folslein fan it gas ôf te heljen. It doel is om kennis en ûnderfining op te dwaan en sa te sjen hoe't hiel Nederlân yn 2050 fan it gas ôf is.

"Wij hebben in ieder geval een jaar vertraging al opgelopen", fertelt Ineke Weber. Sy is ien fan de bewenners fan de 38 wenningen dy't de kommende jierren fan it gas ôfgean yn Duinwijck op Flylân. Se ferwachtet dat de wyk net foar 2022 ierdgasfrij wurkje sil, wylst de ferwachting earst simmer 2020 wie.

Ynnovative ideeën en wetjouwing wurkje net

"Ik ben erachter gekomen dat innovatieve ideeën en wetgeving niet goed met elkaar samenwerken." Weber hat it oer de fergunning dy't se nedich hat foar in wetterbuffer ûnder de grûn en foar sinnekollektoaren op it dak fan in gebou. "De gemeente werkt wel heel goed mee hoor, maar je komt altijd onverwachte dingen tegen. Zo blijkt er geen standaard vergunning te zijn voor een waterbuffer. Daarom kost het veel tijd om elke keer weer een andere aanvraag in te dienen."

Foto: Omrop Fryslân

Yntusken is de fergunning foar de wetterbuffer goedkard troch de gemeenteried fan Flylân. Foardat de fergunning echt rûn is, giet der wol wat tiid oerhinne, mar it projekt stiet net hielendal stil. "We hebben inmiddels tien bewonersavonden gehad en daar is iedereen naartoe gekomen", fertelt Weber. Oft alle minsken echt efter it plan stean om de wyk ierdgasfrij te meitsjen, fynt Weber dreech om te sizzen. "Je merkt dat mensen het belangrijk vinden om een warm huis te hebben, maar hoe dat gebeurt maakt ze niet zo veel uit."

Neist de gearkomsten binne der ek al yn njoggen hûzen oanpassingen makke, sa't se fan it gas ôf binne. "We hebben bij die huizen verschillende dingen uitgetest. Zo kunnen we kijken wat het beste werkt en dit toepassen op de rest van de huizen." Oanpassingen dêr't je dan oan tinke kinne, binne in wetterfet dy't opwaarme wurdt troch de sinne, spesjale radiatoaren mei in propeller deryn en in waarmtepomp.

Jierren fertraging yn Garyp

It plan fan Garyp sjocht der hiel oars út as dat fan Duinwijck. Net 38, mar 603 wenningen moatte dêr folslein fan it gas ôf. De ferwachting wie dat dit slagje soe mei 80 oant 90 persint fan de hûzen oan de ein fan 2023. Mar it projekt rint ek fertraging op. Garyp sil yn elts gefal foar 2026 noch net fan it gas ôf wêze.

Foto: Omrop Fryslân

Wy sjogge wol dat it hieltyd goedkeaper wurdt.

Projektlieder Jacob Miedema fan ierdgasfrij Garyp

"It is djoer om fan it gas ôf te gean", fertelt projektlieder Jacob Miedema. "Mar wy sjogge wol dat it hieltyd goedkeaper wurdt." Neffens Miedema binne der in soad minsken yn Garyp dy't de ferbouwing fan harren hûs net betelje kinne om it fan it gas ôf te heljen. "Dit leit benammen by de âldere hûzen fan foar 1970. Dat binne der sa'n 300 yn Garyp. Nei skatting kostet it tusken de 60.000 en 70.000 euro om dy folslein fan it gas ôf te heljen. Wy tinke dat sa'n 70 persint, dus 210 húshâldens, dat net betelje kinne. Foar harren binne wy ek oan it sykjen nei ekstra finansjele mooglikheden."

Liening oerdrage

It projekt hat wol 5,6 miljoen euro krigen fan it Ryk. Omrekkene soe elk hûs sa'n 9.500 euro dêrfan brûke kinne. Mar dan noch kinne in hiel soad minsken it net betelje. Miedema siket dêrom ek oare mooglikheden: "De Rabobank wurket hjir bygelyks oan mei. Wy binne oan it sjen nei in liening dy't minsken ôfslute kinne op de ferbouwing. Asto dan dyn hûs ferkeapest, dan bliuwt de liening op it hûs en moat de nije eigener dy liening ôflosse."

Foto: Omrop Fryslân

Hoe't Duinwijck en Garyp fan it gas ôf wolle

De wyk Duinwijck hat op it stuit al in waarmtenet. Dat betsjut dat ûnder de grûn liedingen lizze dêr't waarm wetter trochhinne streamt nei de 38 hûzen ta. De bewenners hawwe dus net in eigen CV-tsjettel, mar in soarte fan sintrale CV foar harren allegear. Dy CV draait no noch op ierdgas, mar sil aanst troch saneamde heatpipes ferwaarme wurde. Dêr streamt wetter trochhinne en wurdt opwaarme. It opwaarme wetter komt yn twa buffers. Ien fan 5.000 liter foar direkt gebrûk en ien fan mear as 3 miljoen liter dy't fjouwer meter ûnder de grûn komt.

It plan om Garyp gasfrij te meitsjen sjocht der hiel oars út as Duinwijck. Eltse wenning krijt in enerzjyscan. Dat is no by hast 300 hûzen dien. Dêr komt in advys út hoe't de wenning it bêste duorsum makke wurde moat. Tagelyk binne der al fjouwer ferskate type wenningen ierdgasfrij makke. Dizze wenningen tsjinje as foarbyld foar ynwenners fan hoe't se harren hûs ferbouwe kinne.

Yn Duinwijck fernimme bewenners hielendal neat oan de beurs fan it gasfrij meitsjen fan de wyk. Dat is yn elts gefal de bedoeling fan Weber. "Het materiaal dat nodig is voor het gasvrij maken van de wijk wordt betaald vanuit de subsidie van het Rijk. Voor de kosten die gemaakt worden als we eenmaal gasvrij zijn, gaan we in maart nog een subsidie aanvragen."

Ynvestearring weromfertsjinje

Yn Garyp sjocht it der hiel oars út. Dêr moatte de doarpsbewenners sels hast alles betelje en kinne se in subsydzje fan tusken de 9.000 of 10.000 euro oanfreegje. Oft it út kin hinget dêrom ôf fan it persoan en fan it hûs.

As we sjogge nei de type hûzen yn Garyp, dan is it grutste part frijsteand. Foar dat type hûs is der in berekkening makke foar de eventuele kosten. It soe in ynvestearring wêze fan 37.422 euro. Dêrby is meirekkene: isolaasje, ruten fan HR++, in waarmtepomp en in balansearre fentilaasje, De besparring yn it jier soe hjirmei 1.872,50 euro wêze. Dat betsjut dat it yn hast 20 jier werom fertsjinne is. As de ynvestearring wol 70.000 euro kostet, kin it 40 jier duorje foardat it weromfertsjinne is.

Kin it noch ôfblaasd wurde?

Der binne neffens Weber noch twa mominten dat it hiele feest dochs noch ôfblaasd wurde kin. "Als we de vergunning niet krijgen, dan is het niet mogelijk om door te gaan. En als we de tweede subsidie niet krijgen, weet ik ook niet of het nog lukt."

Yn Garyp is der gjin momint mear dat it projekt net trochgiet. Miedema fertelt dat it doel is om 80 persint fan de hûzen binnen tsien jier fan it gas ôf te heljen. Mocht dat net slagje, dan noch is it projekt wol slagge, neffens har. Want it Ryk kin leare fan de saken dêr't Garyp tsjinoan rint.

(advertinsje)
(advertinsje)