Sân flatbewenners It Hearrenfean evakuearre om stoarmskea

09 feb 2020 - 22:50

Sân bewenners fan in flatgebou oan de K.R. Poststraat op It Hearrenfean binne snein evakuearre, neidat der skea ûntstien wie oan it gebou dêr't se yn wenje. Dy skea komt troch de stoarm Ciara.

Earder op snein waard de strjitte al ôfsletten fanwegen platen en parten fan it dak dy't fan it gebou loswaaid wiene. Der ûntstie in gefaarlike situaasje, omdat it guod ek de dyk op fleach.

De sân evakuearre bewenners binne ûnderbrocht yn in hotel op It Hearrenfean. Boargemaster Tjeerd van der Zwan betanket de helptsjinsten en gemeentemeiwurkers dy't snein yn tou west ha mei de stoarm.

(advertinsje)
(advertinsje)