Part A7 ticht nei ûngelok, A6 diels ôfsletten omdat beammen driigje om te fallen

De sneldyk A7 fan Grins yn de rjochting fan Drachten is ticht tusken Marum en Fryske Peallen. Der hat in ûngelok west mei ferskate auto's. It ferkear wurdt oer de flechtstreek laat. De A6 tusken De Lemmer en Bant is ticht yn súdlike rjochting fanwegen beammen dy't op de dyk driigje te fallen.
© Raymon Roersma/ ProNews
Op syn minst ien persoan soe mei ferwûningen nei it sikehûs brocht wêze nei it ûngelok op de A7. Der binne ferskate ambulânsen op it plak fan it ûngelok. It is net bekend oft der mear ferwûnen binne. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok, wêrnei't in berger de auto's oprûmje sil.
Op de A6 wurde der feilichheidsmaatregels troffen tusken De Lemmer en it Flevolânske Bant. Dat hat te krijen mei beammen dy't op de dyk driigje te fallen fanwegen de hurde wyn.