Noppert ek op twadde Players Championship betiid útskeakele

09 feb 2020 - 19:20

Darter Danny Noppert is snein op it twadde Players Championship fan 2020 yn de tredde ronde útskeakele. Hy ferlear yn Barnsley mei 6-1 fan de Kanadees Jeff Smith. De Jouster kaam snein ien ronde fierder as sneon.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn syn spannende earste partij fan de dei wûn Noppert mei 6-5 fan Scott Baker. Dêrnei wie de Jouster mei 6-3 fan Adam Hunt, fan wa't er sneon yn de twadde ronde noch ferlear.

It Players Championship-wykein yn Barnsley is it earste fan it nije dartseizoen. Noppert syn lêste wedstriid wie op 22 desimber op it WK yn Londen. It earste telefyzjetoernoai dêr't Noppert oan dielnimt, wurdt de UK Open begjin maart.

(advertinsje)
(advertinsje)