Omrin start ôffaloven REC yn Harns wer op

09 feb 2020 - 18:39

De ôffaloven REC yn Harns wurdt sneintejûn wer opstart. Nei in steuring freedtejûn let wie de oven fan Omrin bûten bedriuw. Der siet in lekkaazje yn de tsjettel. Dêrby wie ek mear útstjit as gewoan.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De REC (reststoffen-energiecentrale) waard yn de nacht fan freed op sneon folslein útset. Dit wykein hat Omrin dwaande west mei reparaasjes. Dat wie sneintemiddei klear. Dêrby ha der ek testen west. De testen wiene slagge, dus de ynstallaasje wurdt sneintejûn wer oanset. Fan moandei ôf wurdt it ôffal wer ferbrând.

Trefwurden: 
Harns REC Omrin ôffaloven
(advertinsje)
(advertinsje)