Drokte by brânwacht om stoarm Ciara: "We kunnen nog uren vol aan de bak"

09 feb 2020 - 18:12

It is in drokke dei foar de helptsjinsten. "De brandweer heeft nu zo'n tien à vijftien meldingen tegelijk aan staan", seit Rutger de Groot fan de brânwacht Fryslân. "We zijn bezig op allerlei plekken in de regio."

De brânwacht op It Hearrenfean, dêr't guod fan in wenningkompleks loswaaide - Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De meldingen geane oer ferskate saken, mar De Groot sjocht wol in trend: "Het zijn vooral omgevallen bomen en grote takken die uit bomen waaien. En je ziet, zoals ieder jaar bij stormen, dat delen van daken omwaaien, grote verkeersborden en reclameborden die stukgaan en gevaar opleveren."

By de meldkeamer sjogge se wol nei hoe wichtich oft in melding is. "We moeten nu kijken waar onze prioriteit ligt. En de meldkamer schakelt nu alleen met eenheden over gevallen waar er gevaar is voor de omgeving."

Noch oeren fol oan de bak

Se ha it by de brânwacht sûnt 13.00 oere drok. "En als ik de voorspellingen een beetje volg, kunnen we ook de komende uren vol aan de bak." Ien foardiel: it is al in skoftke bekend dat der hurde wyn komme soe. "Dus we anticiperen erop dat er meer mensen ter plaatse moeten zijn. Wij werken vanuit 65 kazernes. Als de pieper gaat, komen er zes mensen. En ook de vrijwilligers weten dat het een drukke nacht kan worden."

Rutger de Groot fan Brânwacht Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)