'Moard op Joadske bern Bram en Eva meie we nea ferjitte'

09 feb 2020 - 21:44

It drama fan de Joadske bern Bram en Eva mei nea fergetten wurde. Dat seit Germa Greving, direkteur fan it museum Het Pakhuis yn Ermelo. Se joech snein in lêzing yn it Historisch Centrum Leeuwarden. Bram en Eva sieten ûnderdûkt yn Ermelo, harren heit en mem yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Dêr is op dit stuit in tentoanstelling oer Bram en Eva yn museum Het Pakhuis yn Ermelo. Bram en Eva binne Joadske bern dy't yn de Twadde Wrâldoarloch yn Ermelo ûnderdûkt sieten, mar úteinlik oppakt en fermoarde binne. "Ik hoop dat er veel jongeren ons komen bezoeken. Ze kunnen zien waartoe uitsluiting en discriminatie leidt", seit Greving.

Famylje Beem nei Potgieterstrjitte

As de oarloch útbrekt, wurdt al gau dúdlik wat de nazi's mei de Joaden fan plan binne. De Dútsers lizze de Joaden ferskate beheiningen op, se meie hast neat mear yn it iepenbiere libben. "Ze moeten die druk en angst hebben gevoeld", seit Greving. Yn novimber 1942 dûkt de famylje Beem ûnder yn Ljouwert, oan de Potgieterstrjitte. "Maar de ruimte is eigenlijk te klein. Bovendien vinden de ouders het geen goede plek voor de kinderen. Daarom gaan Bram en Eva naar Ermelo, waar ze buiten kunnen spelen en even later zelfs naar school." De bern krije ûnderdak yn Huize Vredestein yn Ermelo.

Bram en Eva skriuwe yn Ermelo 61 brieven nei heit en mem yn Ljouwert. "Dat deden ze onder een schuilnaam, ze noemden zichzelf Jan en Lini de Witt, zogenaamd evacués uit het westen van het land. Bovendien stuurden ze de brieven niet naar mama en papa, maar naar oom en tante. Ze schreven over het dagelijkse leven, over het eten, hun hobby's. Alles wat kinderen in die leeftijd bezighoudt." Yn september 1943 geane se sels nei skoalle yn Ermelo. "Dat vinden ze geweldig."

Bram en Eva - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Op 1 febrewaris 1944 giet it mis. Twa aginten belje jûns let oan by Huize Vredestein. "De mannen zijn keihard, een van hen trekt de broek van Bram naar beneden om te bewijzen dat hij besneden en dus Joods is. Heel vernederend. De beide kinderen moeten mee en komen uiteindelijk in het doorgangskamp Westerbork terecht."

Op 3 maart wurde Bram en Eva op transport set nei Auschwitz dêr't se op 6 maart fuortendaliks nei oankomst fergast wurde.

Als we lachen, dan doen we dat met ons gezicht en niet met ons hart.

De heit en mem fan Bram en Eva

Heit en mem Beem wurde pas fier nei de befrijing op de hichte brocht fan de moard op har bern. "Je kunt je bijna niet voorstellen hoe groot die klap is geweest. 'Als we lachen, dan doen we dat met ons gezicht en niet met ons hart', zeggen ze vaak. De brieven van Bram en Eva bewaren ze." Dy wurde yn de jierren 70 fûn en no binne se ûnderdiel fan de tentoanstelling oer Bram en Eva yn Ermelo.

Germa Greving fan museum Het Pakhuis

(advertinsje)
(advertinsje)