Frouljusploech wint efterfolging op wrâldbeker shorttrack yn Dresden, manlju tred

De Nederlânske frouljusploech, mei dêryn de Friezinnen Suzanne Schulting en Rianne de Vries, ha snein de ploege-efterfolging wûn op de wrâldbeker yn Dresden. Yn de finale wie de ploech, dy't fierder bestiet út Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof, te rap foar Sina.
Frouljusploech wint efterfolging op wrâldbeker shorttrack
Nederlân pakte by de start de kopposysje en joech dy net mear fuort. Earst foel Sina. Healwei de race foel ek Súd-Koreä en dêrmei like de winst al binnen. Japan koe it tempo net byhâlde, mar Sina kaam knap werom. Schulting soarge der yn de lêste ronde lykwols foar dat Fan har net passearre koe. It brûns wie foar Japan. Súd-Koreä einige op gruttere efterstân op it fjirde plak.
It is de earste oerwinning foar Nederlân op de relay dit seizoen. Troch de winst makket de frouljusploech ek in spronkje yn it wrâldbekerklassemint.
© www.orange-pictures.nl

Brûns foar manlju

De manljusploech, mei de Friezen Sven Roes, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, waard tredde yn de finale.
Súd-Koreä fersnelde tsien ronden foar de ein en wie oppermachtich. Nederlân koe dêrefter lang stride om sulver mei Ruslân. Trije ronden foar de ein like it gat te grut, mar troch in goeie wiksel tusken Breeuwsma en De Laat kaam de ôfmakker De Laat noch tichtby Ruslân, mar hy koe Semen Elistratov krekt net mear ynhelje. Sina waard fjirde.
Sjinkie Knegt wie ek yn Dresden, mar allinnich om mei te trainen. Hy heart nei alle gedachten sneintejûn dat er takom wike yn Dordrecht syn rentree meitsje kin. Hy wie by de relayfinales ko-kommentator foar de NOS.