FIDEO: Dramatyske nederlaach LDODK yn noardlike derby

09 feb 2020 - 16:07

Yn de striid om de play-offplakken fan de Kuorbal League is LDODK tsjin in pynlike nederlaach oprûn. Yn Nijeveen gienen de Friezen tsjin DOS'46 mei 24-18 ûnderút. Grutte euvel wie it gebrek oan skotkrêft. LDODK helle in dramatysk min skotpersintaazje. De Drinten profitearren optimaal en steane yn punten no gelyk mei de Gordyksters.

De folsleine wedstriid:

LDODK stie healweis de kompetysje noch op it earste plak. Fan de lêste fiif duels waarden lykwols fjouwer ferlern, en de Gordyksters binne ôfsakke nei it dield fjirde plak. De sterkste 4 teams stride úteinlik yn de play-offs om de lânstitel.

De reaksjes fan Marloes Frieswijk en Erwin Zwart:

De teloarstelling dripte derôf by LDODK. De pynlike nederlaach yn de derby komt hurd oan. De Nijeveners binne út 'e skroeven mei de winst. Sy ha ûnferwachts wer kâns op de striid om it kampioenskip fan Nederlân.

De reaksje fan Pascal Frieswijk, de Wolvegeaster yn tsjinst by DOS'46:

DOS'46 is dwaande mei in sterke searje. Sawol koprinner PKC as ek de nûmer twa TOP Sassenheim waarden al ferslein en de Nijeveners, dy't in pear wiken lyn noch op grutte efterstân fan de top-4 stienen. Mar troch de oerwinning op LDODK stiet DOS'46 no op it dielt fjirde plak mei 16 punten, likefolle as LDODK. Mei noch fiif wedstriden te gean leit de striid om de play-offs no wer folslein iepen.

Spannende 14e spylronde

Takom wike spilet LDODK op 'e Gordyk tsjin konkurrint Fortuna. De ploech út Delft is titelferdigener. It duel begjint snein om 16.00 oere. DOS'46 spilet sneontejûn om 20.00 oere yn Koog aan de Zaan tsjin de nûmer trije KZ.

Trainer/coach Henk Jan Mulder fan LDODK oer it ferlies en de slotfaze fan de kompetysje:

Stân Kuorbal League nei 13 wedstriden

Stân Kuorbal League Duels Punten Doelsaldo
1. PKC (Papendrecht) 13 20 + 69
2. TOP (Sassenheim) 13 19 + 45
3. KZ (Koog aan de Zaan) 13 18 + 20
4. LDODK 13 16 + 31
5. Fortuna (Delft) 13 16 + 12
6. DOS'46 (Nijeveen) 13 16 + 31
7. DVO (Bennekom) 13 13 - 4
8. Blauw Wit (Amsterdam) 13 6 - 39
9. Groen Geel (Wormer) 13 4 - 66
10. Tempo (Alphen aan den Rijn) 13 2 - 99
Trefwurden: 
LDODK Kuorbal League DOS'46
(advertinsje)
(advertinsje)