Schulting nei winst no ek klassemintslieder op 1.500 meter

09 feb 2020 - 15:33

Shorttrackster Suzanne Schulting hat snein by de wrâldbekerwedstriid yn Dresden de twadde 1.500 meter fan it wykein wûn. Troch de winst is se no ek klassemintslieder op dy ôfstân. Dat wie de olympysk kampioene ek al op de 1.000 meter.

Suzanne Schulting - Foto: ANP

Yn de finale naam Schulting fjouwer rûntsjes foar de ein de lieding. Se fierde it tempo op, mar Kim Ji-yoo bleau flak efter har. De Koreaanske gie úteinlik ûnderút. Oan de streek wie Schulting snein krekt wat rapper as Sofia Prosvirnova út Ruslân. Tifany Huot Marchand út Frankryk waard tredde.

Schulting hat yn it klassemint op de 1.500 meter hat no in lytse foarsprong op Han Yu Tong út Sina: 28.000 om 27.851 punten. De Sineeske gie ek ûnderút yn de finale.

Sven Roes wie der sneintemoarn net yn slagge om him op de werkânsingen te pleatsen foar de heale finale op de 1500 meter. Dat wie de ôfstân wêrop't er sneon sulver helle.

Gjin Friezen yn finales oare yndividuele ôfstannen

Snein wiene ek de finales op de 500 meter. Dêrfoar hie Itzhak de Laat him net pleatst, hy waard yn de kwartfinale útskeakele. Melle van 't Wout, dy't no twa jier yn Sint Jânsgea wennet, pakte brûns. Dat wie syn earste wrâldbekermedalje.

Rianne de Vries waard tredde yn har kwartfinale op de 500 meter en helle dêrtroch de heale finale net.

(advertinsje)
(advertinsje)