Nederlânske iishockeyploech mei Fryske ynbring net fierder op OKT

09 feb 2020 - 15:20

It is de Nederlânske iishockeyers net slagge om harren te pleatsen foar de lêste faze fan it olympysk kwalifikaasjetoernoai. Yn Noersoeltan, de haadstêd fan Kazachstan, ferlear de ploech mei Fryske ynbring alle trije wedstriden.

Foto: ANP

Poalen wie mei 8-0 te sterk, Kazachstan mei 7-1 en Oekraïne mei 3-0. It toernoai yn Noersoeltan wie de twadde faze fan it kwalifikaasjetoernoai. Nederlân hie him dêrfoar pleatst troch earder dit jier fan Spanje te winnen.

By Oranje diene ferskate spilers fan de UNIS Flyers fan It Hearrenfean mei: goalie Martijn Oosterwijk, ferdigener Niels van der Vossen en oanfallers Jasper Nordemann, Lars den Edel, Ronald Wurm en Jord Smit. Mike Nason, de coach fan de Flyers, is assistint-bûnscoach.

(advertinsje)
(advertinsje)