Noch gjin tips binnen nei fernieling Hockeydome yn Ljouwert

10 feb 2020 - 17:53

De Hockeydome fan de Ljouwerter Mixed Hockeyklup is yn de nacht fan sneon op snein fernield. Fandalen hawwe twa doarren fernield wêrtroch't de luchtdruk fuort fallen is en de hockeydome leechrûn is.

Hockeydome MHC Ljouwert fernield - Foto: Omrop Fryslân

De hockeyklup hie de dome, in grutte tinte dy't oer it hockeyfjild setten wurde kin, sûnt desimber 2018 yn gebrûk sadat der yn de winter trochtraind wurde koe. Hoe grut de skea is wit de klup noch net.

Noch gjin tips binnen

"Wij hebben een getuigenoproep gedaan omdat we graag mensen willen spreken die iets gezien hebben bij het Hockeydome wat kan wijzen naar een mogelijke verdachte," seit Jose van Gijssel fan de plysje. "We doen deze oproep zo snel mogelijk omdat mensen het zich nu nog goed zouden kunnen herinneren. Het is er vrij donker op zo'n avond, maar mogelijk dat er mensen zijn die bijvoorbeeld een hond hebben uitgelaten. We hebben nog geen concrete tips binnen, hoewel we buurtonderzoek hebben gedaan. Ook hebben we naar camerabeelden gekeken. De hockeyclub heeft aangifte gedaan."

Jose van Gijssel fan plysje Noard-Nederlân

Trefwurden: 
Ljouwert hockey fandalisme
(advertinsje)
(advertinsje)