Testwedstriid Ice Derby op Thialf: earste wedstriid yn maart skrast

09 feb 2020 - 12:45

Op Thialf wurdt sneintemiddei in testwedstriid ferriden foar de Ice Derby. 32 reedriders sille ferskate races ride. Dat dogge se ûnder tafersjoch fan de Rus Alexander Kibalko, foarsitter fan de ôfdieling langebaan fan it ynternasjonale reedrydbûn. Michelle de Jong en Ronald Mulder binne twa fan de bekende testriders.

Foto: Martin de Jong Fotografie

De Ice Derby is in wedstriid tusken langebaanriders en shorttrackers op in baan fan 220 meter. Dy baan is no dellein yn Thialf. De bedoeling wie om yn it wykein fan 20 oant en nei 22 maart de earste 'Dutch Grand Prix' te organisearjen, mar dat slagget net. No wol de organisaasje sjen oft se it yn maaie of juny dwaan kinne. Dat past ek better yn it skema fan de Koreaanske riders en dy binne wer wichtich fanwege in Koreaanske jildsjitter.

Foardat de Ice Derby organisearre wurde kin, moast dêr earst ûnder tafersjoch fan de ISU in testwedstriid organisearre wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)