Ambassadeur yn Mozambyk: mar de basis bliuwt dochs Aldeholtpea

09 feb 2020 - 09:53

Fryslân hat in ambassadeur yn Mozambyk. Net as ôffurdige fan ús provinsje, mar de Nederlânske ambassadeur yn it Afrikaanske lân is hikke en tein yn Fryslân. Har thús fielt se noch altyd yn Aldeholtpea dêr't har mem wennet. Henny de Vries is sûnt 1,5 jier de ambassadeur yn Maputo. Se fertsjintwurdiget Nederlân en hopet it lân te helpen en in ferbining te meitsjen mei ûnder oaren it Nederlânske bedriuwslibben en oerheden.

Foto: Simone Scheffer

Al jong wie it dúdlik foar Henny. Sy woe de wrâld yn om minsken te helpen. Se krige dat mei fan har âlden dy't in wrâldwinkel hiene en har mei de opfetting grutbrochten dat it goed is je foar oare minsken yn te setten.

Se studearre geografy en demografy en doe't dat klear wie gie se de wrâld yn. Se gie nei Bangladesh, mar wurke ek yn it Palestynske gebiet en yn Tanzania. As beliedsmeiwurker by it ministearje fan Bûtenlânske Saken die se fan alles. Fan edukaasje oant it helpen fan froulju om in bettere posysje te krijen.

Sûnt oardel jier is Maputo har wen- en wurkplak. As ambassadeur besiket sy it lân fierder te helpen en ek it Nederlânske bedriuwslibben yn kontakt te bringen mei Mozambyk.

Unrêstich lân

It lân is earm, der is in soad analfabetisme en yn it noarden fan it lân is it ek nochris ûnrêstich. Echt stabyl is it lân dus net wylst it in skat oan grûnstoffen hat en in prachtige kust. Begjin 2019 hat in sykloan in soad stikken makke yn it lân. Dêr binne no de gefolgen noch grut fan.

Mei help fan Nederlân wurdt besocht it lân te helpen om te gean mei de klimaatferoaringen en de gefolgen derfan. Sa hat it lân oan de iene kant te krijen mei oerstreamingen en oan de oare kant mei grutte drûchte. Dat is neffens De Vries in grutte soarch foar no en benammen de takomst. Mei help fan ek it Wetterskip Fryslân besykje se der wat oan te dwaan.

Foto: Simone Scheffer

De Vries hat yn har karriêre wol mear yn drege gebieten wurke. Bangladesh bygelyks, dêr't wetteroerlêst ek in grut probleem is. De grutste útdaging wie lykwols it Palestynske gebiet. Dêr wie it wurkjen somtiden ek frustrearjend omdat se net folle dwaan koe om de minsken te helpen mei de politike situaasje en de libbensomstannichheden dy't der wiene. Dat is dochs de grutte polityk dy't it bepaalt fertelt se. Dochs soe se graach op termyn werom wolle nei it Midden Easten. "Ik hâld fan yngewikkelde lânnen," seit sy.

No is it lykwols noch Maputo. Der is noch genôch te dwaan, fynt se. Meastentiids sit in ambassadeur in perioade fan likernôch 7 jier op in plak om dan wer fierderop te sjen.

Sa hat har libben der eins altyd út sjoen. Somtiden as se wer yn it fleantúch op wei nei in nij lân sit tinkt se wolris: "Wêr bin ik no wer oan begûn? Mar dan stoart ik my wer hielendal yn it lân en alles wat der by heart."

Aldeholtpea is dochs de basis

Wichtich foar de ambassadeur is har húshâlding en har man. De bern binne altyd yn in stabile omjouwing opgroeid mar hawwe ek alle omstannichheden en ferskate minsken fan allerhanne nivo meimakke. Dat hat se ek foarme ta wa't se binne. As je earne mar in basis hawwe, en hecht binne, dan kin je altyd wer earne 'aarde.'

Dy basis leit yn Aldeholtpea foar Henny de Vries. Noch altyd komt se graach hjir en dat fielt ek altyd wer as har thús en ek de bern dy't no folwoeksen binne en yn Ingelân wenje, komme noch faak ris by beppe útfanhûs. Aldeholtpea is dochs de basis, hoe fier je de wrâld ek út gean.

Henny de Vries is ambassadeur yn Mozambyk

Yn 2017 makke Omrop Fryslân in dokumintêre oer Fryske projekten yn Mozambyk. Fan de provinsje Fryslân en it Wetterskip: De Fryske Euro yn Mozambyk.

(advertinsje)
(advertinsje)