Fytsende frou fan de A32 by Wurdum helle

De plysje moast sneontenacht yn aksje komme nei't in fytsende frou op de A32 by Wurdum sjoen wie. De frou wegere fan de fyts ôf te stappen, en negearde it stopteken fan de plysje. Sy hie in koptelefoan mei muzyk op, en swaaide mei de middelfinger.
© Google Street View
Doe't se úteinlik dochs ôfstapte, sei de 37-jierrige frou fan It Hearrenfean dat se dit faker die, om't der gjin fytspaad njonken de dyk leit.
De frou krige in boete fan 150 euro, en moast de sneldyk ferlitte.