LIVE: Hichtepunt stoarm Ciara is foarby, gjin koade oranje mear

09 feb 2020 - 22:01

Fryslân hat snein te krijen mei stoarmwaar. De stoarm hat sels in namme: Ciara. It KNMI hie fan 15.00 oant 22.00 oere koade oranje ôfjûn: kâns op gefaarlik waar dus. It noardwesten hat te krijen hân mei wynstjitten boppe de 120 km/oere.

  • Op Flylân is in wynstjit fan 129 kilometer yn 'e oere metten
  • De ANWB jout ek in warskôging ôf: gean net de dyk op
  • De meldkeamer yn Noard-Nederlân hat sneintemiddei mear as 300 meldingen krigen
  • Op It Hearrenfean is in part fan in appartemintekompleks ûntromme, fanwege losse platen
22:00
Gjin koade oranje mear

It is 22.00 oere, koade oranje is offisjeel net mear fan krêft yn Fryslân. No't de swierste wynstjitten west ha, slute we ek dit liveblog ôf.

Hâld OmropFryslan.nl en de Omrop-app moarn wer yn de gaten foar de neisleep fan stoarm Ciara en al it oare nijs.

21:13
Noch in strjitte ticht yn Ljouwert

De strjitte De Gealanden yn de Ljouwerter wyk Bilgaard is ôfsletten. Der driget in beam om te fallen, neffens de gemeente. Ferkear moat omride. Dat duorret yn alle gefallen oant moandeitemoarn.

21:00
Part flatgebou ûntromme (fideo: CAMJO media / Jaring Rispens)

Op It Hearrenfean bliuwt de K.R. Poststraat oant yn alle gefallen moandeitemoarn ticht foar it ferkear. Dat komt trochdat der noch hieltyd gefaar is dat platen fan in appartemintekompleks falle. In part fan de boppeste etaazje wurdt ûntromme, de bewenners bringe de nacht troch yn in hotel.

20:48
Platen komme los yn Boalsert

By in benzinepomp yn Boalsert binne sneintejûn ferskate metalen balken en platen los kommen. Dy bedarren op de grûn en soargen dêrby foar in gefaarlike situaasje. De brânwacht hat se fuorthelle en kontrolearre oft der noch mear platen los sieten.

Foto: AS Media
20:38
Lange Marktstraat en Douwe Kalmaleane ticht

De Lange Marktstraat en Douwe Kalmaleane yn Ljouwert bliuwe foarearst ticht foar it ferkear. Dat meldt de gemeente Ljouwert. Earder op snein wiene platen loswaaid fan de gebouwen oan de Lange Marktstraat. De strjitten bliuwe yn alle gefallen oant moandeitemoarn ticht.

De Lange Marktstraat - Foto: Kappers Media
20:34
Ek op it Ruterskwartier liet de wyn har spoaren nei...
De hurde wyn liet har spoaren nei op it Ruterskwartier - Foto: Omrop Fryslân, Eric Ennema
20:05
Hurde wyn oan lân

Oan it fêstelân fan ús provinsje wurde no swiere wynstjitten metten, fan dus wol 115 kilometer yn 'e oere.

Foto: KNMI
19:46
95 telefoantsjes nei de gemeente Ljouwert

De gemeente Ljouwert hat oant snein 19:30 oere yn totaal 95 telefoantsjes hân oer de stoarm Ciara. Dêrnjonken ha der tsientallen meldingen west op social media. By de meldingen hiene de minsken it oer ûnder oare omwaaide beammen en platen dy't fan pannen waaid wiene.

19:41
Skea oan twa gemalen

Yn it noardeasten is der snein sprake fan in hegere wetterstân. It Wetterskip hat it gemaal De Heining by Marrum ynset om it wetter ôf te fieren nei de Waadsee. Dat gemaal en ek it gemaal by Dronryp hiene wol stoarmskea. Se binne yntusken wer makke.

19:35
Beam op auto by de famylje Gerlofs yn Wurdum
Foto: Carmen Gerlofs
Trefwurden: 
koade Oranje stoarm Ciara
(advertinsje)
(advertinsje)