Douwe de Vries wint 5.000 meter mei persoanlik rekôr, Kramer rydt net út

09 feb 2020 - 07:40

Douwe de Vries hat de 5.000 meter fan de B-groep yn Calgary wûn. Dat die hy mei in persoanlik rekôr: dêr't hy earder 6.12,47 ried, moch er no 6.08,46 delsette. Sven Kramer die ek mei oan de wedstriid, mar ried de folle fiif kilometer net út.

Foto: Martin de Jong Fotografie

Douwe de Vries hie it net ferwachte dat hy ûnder de 6.10 dûke soe. It is wat let yn it seizoen, mar De Vries hat dochs oanjûn it moai te finen dat it der noch útkomt. En benammen dat hy himsels noch ferbetterje kin op 37-jierrige leeftiid. Foar him is it persoanlik rekôr in moaie ôfsluter fan de World Cup yn Calgary.

Kramer: 'Hiel bliuwe'

Sven Kramer hat fan de 5.000 meter mar sa'n 3.000 riden. Dat die hy lykwols mear as tarieding foar in WK Ofstannen. Neffens Kramer hie hy graach yn de A-groep riden, mar troch omstannichheden en blessueres slagge dat net. De 5.000 meter foar de B-groep wie net op telefyzje te sjen en Kramer besocht benammen om hiel te bliuwen: "Ik fiel my goed en dat wol ik sa hâlde."

Der wie Nederlânsk publyk op de wedstriid ôf kaam, it skynt dat Kramer nei harren roppen hat de kaartsjes te beteljen om't hy net de folsleine ôfstân riden hat. Neffens Kramer wist net ien fan syn aksje, op syn trainer nei dy't it fiif minuten fan tefoaren fan Kramer hearde. Kramer hopet syn foarm troch te lûken nei Salt Lake City.

(advertinsje)
(advertinsje)