Auto bedarret boppe-op fangrail by A7 by Drachten

09 feb 2020 - 07:06

By Drachten hat yn de nacht fan sneon in ûngelok west. Dat barde op de oprit fan de A7 nei de N31 yn de rjochting fan Ljouwert. In bestjoerder kaam mei syn auto fan de A7 boppe-op in fangrail telâne. Der siet meardere jongerein yn de auto, mar net ien rekke der ferwûne.

Foto: De Vries Media

It ûngelok barde om kertier foar ienen hinne. Der is ambulânsepersoniel op it plak kaam foar kontrôle. Nei it ûngelok hat Rykswettersteat de oprit ôfsletten foar oar ferkear en de plysje hat ûndersyk dien nei hoe't it ûngelok barre koe.

Trefwurden: 
Drachten ûngelok A7 N31
(advertinsje)
(advertinsje)