Wüst pakt wrâldbekerbrûns op 1.500 meter, Letitia de Jong wint B-groep 500 meter

Ireen Wüst hat sneontejûn op de 1.500 meter in brûnzen medalje wûn by de wrâldbeker yn it Kanadeeske Calgary. De reedrydster fan It Hearrenfean ried 1.51,99. Antoinette de Jong fan Rottum waard sânde mei in tiid fan 1.53,67.
Ireen Wüst yn in eardere race © www.orange-pictures.nl
Wüst wie mei har tiid goed oardel sekonde stadiger as de Japanske winneres Miho Takagi. Sy ried mei 1.50,33 in nij baanrekôr yn de Olympic Oval. Ivanie Blondin waard op har thúsbaan twadde yn in persoanlik rekôr fan 1.51,76,
Yn it wrâldbekerklassemint giet Wüst op de 1.500 meter noch hieltyd oan de lieding. Se hat 222 punten nei fjouwer races.

B-groep 500 meter

Letitia de Jong fan Feanwâlden wie sneontejûn yn de B-groep de rapste op de 500 meter. Sy ried in persoanlik rekôr fan 37.36. Dêrmei wie se yn de A-groep sânde wurden. Femke Kok fan Nij Beets slagge der op de rappe iisbaan net yn om har persoanlik rekôr, en tagelyk it wrâldrekôr foar junioaren, te ferbetterjen. De 19-jierrige reedrydster waard fjirde yn de B-groep mei in tiid fan 37.99.
Letitia de Jong mei njonken har Miho Takagi en Konami Soga út Japan © Martin de Jong Fotografie