FIDEO: Marijke Groenewoud wint Maraton Cup yn Hoorn

09 feb 2020 - 15:00

Reedrydster Marijke Groenewoud fan Hallum hat sneontejûn yn Hoorn de tolfde KPN Maraton Cup wûn. Groenewoud bleau yn de einfaze Manon Kamminga en Merel Bosma foar.

Lisa van der Geest begûn de einsprint, foar Merel Bosma, mar Marijke Groenewoud en Manon Kamminga koene it twatal noch krekt foar de einstreek passearje.

By de manlju wûn de Italiaan Daniel Niero. Johan Knol fan Bakkefean (15) en Bob de Vries (16) fan De Haule wiene de bêste Friezen yn Hoorn.

Foto: Timsimaging.nl
(advertinsje)
(advertinsje)