Aris Ljouwert ferrast mei oerwinning op ZZ Leiden

08 feb 2020 - 22:01

Aris Ljouwert hat sneontejûn in oerwinning behelle op ZZ Leiden. Yn it Kealledykje waard it tsjin de nûmer fjouwer fan de Dutch Basketball League 66-60 foar de Ljouwerter basketballers.

Aris Ljouwer yn in earder duel mei ZZ Leiden - Foto: www.orange-pictures.nl

Aris hie mei 15-14 nei it earste kwart al in foarsprong op it skoareboerd. Dy marzje bleau by it yngean fan it skoft gelyk, want it twadde kwart einige yn 10-10. En dus gie Aris mei in 25-24 foarsprong oan de tee.

Yn it tredde kwart gienen de Ljouwerters troch mei skoaren. De foarsprong waard útboud ta 47-39. De besikers kamen yn it fjirde lêste noch wol in bytsje werom, mar sy koenen net foarkomme dat Aris der mei de oerwinning fan troch gie. It waard úteinlik 66-60.

Mikalauskas topskoarer

Arunas Mikalauskas makke achttjin punten foar de Ljouwerters en pakte dêrneist alve rebounds. Oranje-ynternasjonal Worthy de Jong waard mei santjin punten topskoarer foar Leiden.

Troch de oerwinning stiet Aris no mei tsien punten út njoggentjin wedstriden dield op it sânde plak. Den Helder Suns hat likefolle punten, mar hat noch wol twa wedstriden tegoede. It gat mei plak nûmer seis, dat rjocht jout op meidwaan oan de play-offs om it lânskampioenskip, is op dit stuit acht punten.

(advertinsje)
(advertinsje)